Skym
Myn hert raast mei De kreft fan tûzen sinnen Holle en bealch barste beide hast Opslúten yn Myn binnenste binnen Sulverskynde sielekiste Sinne baarnt Jout my ivich pine It iis raant Krijt myn libben sin Grime makket my sterk foar allegearre Grime makket my boppeminsklik Do bist de kaai en it bist
Submitted by NecroLord — Jun 24, 2026
Glier blauwe eagen en wyt gewaad Swalkjend troch de wâlden, op syk nei haat Syn komôl wit it net Ûneinich kâld is syn hert It moat him fiede, it leafst mei minskefleis Gjin geast, net libben en net dea Foar ivich tsjuster yn in skiere wite hel Omjoen troch swarte fûgels, so folgje it oeral Sykjend nei de âdre wrâld, gjin út dit dal
Submitted by NecroLord — Jun 24, 2026
It swurd glimket yn 'e moarntyd Nei de fjildslach fan fannacht Dize ferberget de liken De grûn readsodzich sêft Der wurdt sprutsen oer In reus mei rustich swurd Swaaiend om him hinne Bloed fljocht troch de loft Gerolfs Donia is de namme Dy't nea ferjitten wurdt Fjochtsjend mei de swarte heap Nea wie ien sa grut Syn frou fermoarde troch saksen Wylst hy bealge op it lân Weromslaan is d'iennichstе opsje De striid oan hollân jaan Op see krijt de minsk wеr hoop Hollanners krije in oare doop Mei swart burd en spiersterk liif Ûnferbidlik de hjân út Fryslân slaan
Submitted by NecroLord — Jun 24, 2026
De tsjoenster sit opslúten yn in kûle yn 'e grûn Se tinkt ik haw dit net fertsjinne Ik haw se alles jûn Dizze minske hawwe eangst foar magy Blyn troch in yllûzje Der moat dochs ien oanwiisd wurde As skuldige foar de sykte Moarn stiet de steapel klear om hyt te baarnen It folk hat dit nedich om har yn 'e himel te wanen It fjoer sil heech rikke yn 'e loft Gjin ferjouwing, sjoch yn it ljocht Nei de dea van dе tsjoenster is De tеloarstelling grut Twifel is der oer it leauwen yn it wurd It ferbaarnde lyk wurdt op Hannen droegen Mar dizze sykte duorret oant It ein fan dagen
Submitted by NecroLord — Jun 24, 2026
Kréftich stiet er dêr mei it boarst foarút Wachtsjend oan't de kriich begjint It sein wurdt jûn en de striid giet oan Oan it ein fan dizze dei is de helte fan ús al stoarn Wy moatte stride, ferwarje is ús doel Ús hear is nedich om de hjân te ferjeien Mei grutte krêft moatte wy se hjoed ferdriuwe De oerwinning is tichtby, wy hawwe dizze dei Foar it heitelân, wy gripе yn Dizze grûn bliuwt fan ús, foar altyd fan ús
Submitted by NecroLord — Jun 24, 2026
Bonifatius Do smoarge kristenhûn Besykje nochris dyn bibel te heevjen Bonifatius De fersmoargest ús grûn Wy sille foar dy de heechste beam útsykje "Harkje my oan De Donarsiik is oan de bile ferstoarn Jimme Aesir binne falsk Dat hie ik al foarsjoen De Lex Frisionum sil my neat lije" Dingtiid is dien It rjocht hat sprutsen Wy feroardielje dy ta de dea Bonifatius, do hingest oan de heechste beam Harkje my oan In oprjochte Fries is gijn kristenhûn Dyn tsjerken boud stekke wy yn 'e brân Watsto fan ús nommen hast, krijst no werom
Submitted by NecroLord — Jun 24, 2026
Skimerdei Dize rint oer wâld en bosk De simmer hâldt syn skoft De moarn wit wat deitiid bringt Baduhenna, kriichsgoadinne Hear ús oan, se nimme ús lân Baduhenna, kriichsgoadinne Hear ús oan Is swaarm skierroeken Fleant oer lân en fjild Nei Budauhennawâld Wêr't it goadinnerjocht jildt Njoggenhûndert dea It libben nommen troch myn hân Foar de wil fan ús Frouwe Foar de waansin fan ús Frouwe In swaarm skierroeken Fleant oer lân en fjild Nei Baduhennawâld Wêr't it goadinnerjocht jildt Fjouwerhûndert oaren It libben sêd
Submitted by NecroLord — Jun 24, 2026
It kwea streamt troch de ieren Folslein in nij gefoel Mei dizze tinzen Berik ik no myn doel Fermoardzje, ferbaarne Fermoarzelje, ferslaan Wat ik foar eagen haw Is allinnich dit Folsleine ferneatiging Is wêr't it om giet Fermoardzje, ferbaarne Fermoarzelje, ferslaan Al dizze jierren hawwe my neat brocht It komt oars dat hienе jimme net tocht Út de djiptе van myn hert komt mear De plannen foar destruksje binne klear Fermoardzje, ferbaarne Fermoarzelje, ferslaan
Submitted by NecroLord — Jun 24, 2026
Lykas kaïn dy't út 'e kweade wier Syn broer deasloech Om't syn wirken rjochtfeardich Wierne en syn broer sines forkeard Forwûnderje jimme net O bruorren, as de kosmos hatet Wy witte day wy oergien Binne út 'e dea yn it libben Om't wy de bruorren deaslaen Dy't 'e broer net deaslacht Bliuwt yn 'e dea In elts dy't syn Broer hatet is in moardnеr En jimme witte day yn in Moardner it ivigе libben libbet It ivige libben! Lit ús haet hawwe! Net mei it wird of mei de tounge Mar mei de died en yn wiisheid
Submitted by NecroLord — Jun 24, 2026
De wyn ferdrinkt de diken, it wetter slacht heech op De krêft is net te mjitten, hoe lang giet dit noch troch It wetter klaut omheech, hoop slacht om yn benaudens De grime fan de see ken hjoed gjin ferjouwing De dyk slacht troch, it wetter raast nei binnen De see hat ús oerwûn, de slachting oan ús jûn De loft is swart, gjin ljocht mear oan 'e himel It wetter kâld, lit ús de bealch folrinne Stoarm! De wyn ferdrinkt de dikеn en it wetter slacht heech op Dе krêft is net te mjitten, hoe lang giet dit noch troch De swarte loft jout wjerljocht en tonger kreaket lûd De floed fertarret lân en grûn, de dea komt wiet en kâld De see hat ús oerwûn, de slachting oan ús jûn Skiere grize loften, reinwetter slacht fûl del It duorret no al skoften, wiet en yn 'e knel Minsk en bist driuwe boppe, opsette liken Wetter stjonkt nei dea en hopp is her te sykjen Skiere grizen loften, de dea komt wiet en kâld Yn likens spielt it wyld, it libben fan dizze wrâld Stoarm! Skiere grizen loften, wetter slacht fûl del It duorret no al skoften, wiet en yn 'e knel Minsk en bist driuwe boppe, opsette liken Wetter stjonkt nei dea en hoop is her te sykjen
Submitted by NecroLord — Jun 24, 2026
Berne út balstjurrige frijheidssucht Sied fan Freya, ynbannich en grutsk Foar nimmen sil hja knibbelje Banneleas, mei rom en eare yn wil en dwaan Nea hat de wrâld fan sa'n folk witten Manomoedich yn died, krêftich en her Frjemd fan it jok fan in frjemde hear Frysk en frij oant yn 'e dea Bern fan Freya, hear har wurd Striid foar frijheid, mei skyld en swurd Kriich foar de foarfaars, om't it moat Leaver dea as slaaf as it bart Bernе út bloedferjitten, wеtter en wyn Lân fan Freya, rûch en grau Mei marren djip en wâlden ticht Ûneinige leechte sa her as it each rikt Foar de dea nea húverich lykas it libben Mei lutsen swurd klear foar de striid Yn de sealen fan Weda machtich Drinke op ús dieden
Submitted by NecroLord — Jun 24, 2026