Fan Fryslans Ferline
Heidensk fjoer teskroeit de grûn, de goadegeast is by ús Lieten klinke yn it rûn, skimen dûnsje troch de flammen Wy besjonge ear en rom, lit de foarfaars wer ferskine Fertelle fan dat frije folk en fan Fryslâns ferline Hokker man is sterker noch as ús Fryske mannen, Wrottend yn ‘e kâlde klaai mei grutte geve hannen Hokker frou is moaier noch as ús Fryske wiif, Hier sa blond as himelljocht en Fryslâns soan yn ’t liif Hokker greid is griener noch as de Fryske greide 't Fryske fee dat freedsum fret fan de pearske heide Hokker stam is heger noch as ús hege stamme, Trochloftig Friezenfolk fan dy âlde namme. Swolgen mea en hoarnen bier, proastend op ‘e tiid Dat der foar Fryslân fochten waard, foarop yn de striid Wy besjonge ear en rom, lit de foarfaars wer ferskine Fertelle fan dat frije folk en fan Fryslâns ferline
Njoggen wrâlden, njoggen nachten Kâld Der fleane twa ravens yn en yn Swart Wûndere wjukken liede troch Loften Njoggen loften om ien grutte Beam Midgard, sjoch omheech, twa ravens befleane dyn loften Seine mei de jefte om de goadetaal te sprekken De heimnis fan de wrâld flústerje sy yn Weda’s earen Om sa de kommende dei wer út te fleanen Trije woartels, trije boarnen Libbensieren foar elts bloeiend leat It lot wurdt dêr spûn troch de trije Noarnen en Hugin en Munin, sy bringe dêr it nijs Hugin en munin, wêr bin jim no? Tinzen en oantinken Kom dochs wer by my werom
Submitted by NecroLord — Apr 26, 2025
Tsjoch op, Frysk bloed, tsjoch op Frysk bloed, tsjoch op Frysk bloed tsjoch op, en hifkje de hoarne Nei de striid, sil wy drinke Fan it goudgiele focht jûn troch de Goaden Ús stim sil galmje yn Walhalla. En mei ús allen, sil wy raze It bier sil streame yn ús kielen Froulju dûnsje en it slachark wurdt wer slipe. De skald sil sjonge, oer ús dieden. En mei ús allen sil wy raze
Submitted by The Void — Apr 26, 2025
It is 1345 En de skiednis herhellet him wer Hollân wol dat wy knibbelje Mar wy bin in folk dat leaver stjert Willem IV leaut yn helderom Yn syn skyld en yn syn hêft Wy as friezen leauwe yn ússels Yn frijheid en dat is ús krêft As de tiid komt dan stean wy klear Kom oan ús lân, en do kenst ús net mear Wy fjochtsje as leauwen, bin sa geef as in oks Ha wy dy beet, dan litte wy nea wer los De Fryske ienheid, giet nea ferlern Dat libbet yn ús, en ek yn ús bern Dit is foar Fryslân en foar us foarfaars Wy bin leaver…Dea as slaef It is 1345 It wetter kleuret read by it klif Fijannen komme ús heljen Mar stjerre, dat sille sy grif Mei de angst yn harren bonken Fersûpe sy yn it slyk Kom oan us boaiem en kom oan us brea Kom oan ús fryslân, en dat wurdt dyn dea
Submitted by Pestilence — Apr 26, 2025
Hva Faen Sjonge wy mei it bier yn 'e strôt en de hoarn yn 'e hân rint it focht ús oer de lea. Hva Faen sjonge wy en wy drinke derbei oantemei ús dea! Hva Faen Sjonge wy mei it bier yn'e strôt en de hoarn yn 'e hân rint it focht ús oer de lea. Hva Faen sjone wy en wy drinke derby soks seagen wy nea! Wy farden ’s nachts oer wylde see op syk nei in ryk lân. De wyn wie hurd, de weagen heech mar dat die ús neat Ús skip wie stampfol laden mei bier, mear bier en bier Wy sochten om Britannje mar kamen net sa fier. Gjin steile klif, gjin kleastertoer as tekens yn ‘e nacht Doe ieniens mei in klap rekken wy wat hurds Wy wisten neat om te dwaan, wy hiene te folle hân Wy sonken dronken yn de see en nergens wie noch lân It tsjuster gie en it deiljocht kaam, wy spielden oan op’t strân Mar dit wie net Brittanje, nee dit wie it Fryske lân. Hva Faen? Wy bleaune mar yn Fryslân jawis en wurklik wier Want dy mannen fan it Fryske lân dy drinke ek graach bier! Nei in skoft hienen wy har froulju en sprutsen wy har taal No tûzen jieren letter hearre jimme ús ferhaal!
Submitted by BloodShrine — Apr 26, 2025
Magna Frisia, folken stoaren foar dyn eare Magna Frisia, keningen fochten om dyn lannen Reuzen rûnen oer dyn grûn Goaden proasten op dy Lieten wurde oer dy songen Magna Frisia, frya Fresena Troch see omjûn Troch bloed bûn Dyn folken wyld Mei swurd en skyld Sil ik priizgje Sil ik fjochtsje Sil ik bliedzje 2x Dêr’t Friezen bin, Weser oant ‘t Swin Wol’k ienheid ha Oant Keulen ta Sil hja priizgje Sil hja fjochtsje Sil hja striidzje
Submitted by MetalElf — Apr 26, 2025
Us fijannen sil baarne Harren grûn wurdt fan ús Wedda hy sil laitsje Want syn striders komme thús De walkerigen ferskine Elk foar oar nimme sy ús mei Thuner's fjoer sil baarne, Op dizze goeie dei Baarn Thuners Fjoer Baarn, bring ús Dyn fjoer De bisten wurde slachte De oerwinning stiet al fêst De skippen sille baarne en de sielen fine rêst It Fryske folk is lieder Yn dizze âlde wrâld Mei Thuner oan ús side Bin wy wis fan ús behâld En al sille sy ús fermoadzje Dan sil wy opgean yn de tiid It Fryske folk sil ivich libje ús neiteam is klear foar de striid It Fryske fjoer sil altyd baarne Thuner hâld Mjolnir al wer klear Wy roppe fjoer op oer de ierde It wolketek kleuret al read
Submitted by Infernal Flame — Apr 26, 2025
ANSUZ Runen fan sege en runen fan lân Runen fan bergen en fan ferstân Runen fan rede en runen fan fjoer Runen fan Goaden en fan de natuer Sjong oer de runen, rits se yn swurden magyske staven, rop twaris Ty Kervje yn hoarnen, snij se yn hannen Smeekje de Noarnen, skimpen foar dy Hja bin by de Asen Hja bin by de Alven Guons by de Wanen Guons by de minskenman Drank út Mims skedel, drinken foar Hropt Wiisheid yn wurden, it goadeljocht fel Op tosken fan Sleipnir, balken fan sliden, de runen sels baarnd yn’t kanteljend tsjel Oer de runen, oer de runen, sjong mei syn allen oer de runen Oer de runen, oer de runen, lear yn dit liet dan Oer de runen, oer de runen, sjong mei syn allen oer de runen Oer de runen, oer de runen, lear yn dit liet dan oer ANSUZ Runen fan sege en runen fan lân Runen fan bergen en fan ferstân Runen fan rede en runen fan fjoer Runen fan Goaden en fan de natuer Yn bereklauwen, op Bragi’s tonge Troch wolveneilen bluodrich en rea Skaavje it hout dat kerft wie mei runen Krij op it skaafsel en ming it mei mea
Submitted by NecroLord — Apr 26, 2025
Grien is dyn lân, Read is dyn râne, Wyt is dyn sân, De kleuren fan ús Hilgelân. Troch see omklamme, grien en stien In fêste rots foar eltsenien Forsites troan, bring ús hannel en rjocht Hillich lân op dy bin wy Friezen sljocht Deät Lun Goaden en keningen, hearsker en tsjinners Sy klonken op Hilgelân, hoarnen fol mea Weda, hy brocht dêr de tolve asegas Sy doarmen yn’t tsjuster, hy hearde har bea Mei in gouden bile tespjalten hja dyn grûn Út dy brûzjende boarne streamde it rjocht Ferbûn doe de stammen en smeide de sibben Frijdom wie de heechste wet yn it Fryske hert Tongere hat it yn dyn blauwe loften Fjoer en ferdjer frieten oan dyn geve lea Wjerljocht en wriggen spoeken rûnom dy Al hoe tsjuster it ek wie, dyn flam dôve nea Reade rots fan Anna en sêft sân fan Düne In haven ha jim west foar eltse Fries Foar Klaus Störtebeker mei syn Likedielers Foar striders en rôvers, foar eltse biis.
Submitted by Immortal — Apr 26, 2025
Om my hinne falle, Folken en fijannen It bloed beklaait it griene gers Mei bile en mei skyld, Slach ik yn it rûn sa wyld Myn ear, myn lân, dit is wêr’t ik stjer It paad foarút is no foar dy Walhalla wachtet al op my De Aesir en de Vanir, sy komme tichterby Walhalla wachtet al op my De loften brekke iepen, Striidgoadinnen ferskine Myn geast ferdizet De bylden yn myn kop Myn soan fjochtet fierderop Sakjend troch de knibbels raas ik út De blêden fan Glasir glimkje yn it ljocht Ik meitsje my no klear, foar myn lêste tocht Heidrun weidet oan ‘e tûken fan ‘e Goadebeam En boppe de westerdoar saait in grutte earn
Submitted by Grave666 — Apr 26, 2025
Mei it bier út Hymirs tsjettel jitte wy ús kielen fol Yn ‘e hallen fier hjirboppe wjerklinkt it proast, tsjoch, skål As de drank dript troch ús burden en wy rolje oer de flier Fan it laitsjen en it fjochtsjen, fan de wyn, de mea en bier Wy sûpe en laitsje, wy ha san fertier En drinke mei syn allen fan it Goadebier Wy sûpe en skrieme en sette wol troch Want wat der ek bart, it bier kin net op It swit dript fan ‘e muorren, der leit koarre op ‘e grûn Wy balte en wy bylje as wylden yn it rûn De froulju binne goed glei by it lemieren fan ‘e dei, sûpe wy ús hoarnen leech en sjogge wy har nei
Submitted by Iron_Wraith — Apr 26, 2025
Ik bin Hadagrim, soan fan Egisgar Do bist Rêdbâd, soan fan Aldgillis kening Do, bist myn stalke In lang libben, it is my jûn Mar it lêste skoft bin ik oan fertriet ferbûn In soad ferlern, myn freon en wiif En stadichoan nim ik ôfskie fan myn liif En by jûntiid sjoch ik him al stean Ik fiel syn hân op myn skouder, kin him ferstean Hy komt my heljen, mar noch ien ding moat ik dwaan It ferhaal fan kening Rêdbâd oan eltsenien trochjaan Besit stjert en sibben stjerre Dosels stjerst as harren Mar ien ding wit ik, dat ivich libbet De helderom fan ‘e deade Hy hie de wiisheid, hy hie it ferstân En wie de kening fan ús moaie Fryske lân Soan fan Aldgillis, no ûnder ‘t skyld Wie wiis as kening, en yn de striid sa wyld En dy namme sil nea fergean Want yn eltse Fries, sil in stik fan dy bestean En tûzen jier letter, sille se noch roppe Heil oan kening Rêdbâd, Fryslân boppe! Dit wie it ferhaal fan de kening, ik ha it skreaun Myn namme is Raven, my jûn troch myn bloedfreon En no ‘t ik dit folbrocht ha, Wêda nim my mei Bring my gau nei myn freonen, want dan pas bin ik frij
Submitted by NecroLord — Apr 26, 2025