Aldgillissoan
This track is instrumental.
Út ‘e dize ferskine de koppen Fan bisten tuorrich en wreed Wylde draken ferskuorre de loften In fjurrige glâns oer de see himelsbreed Hoarnen klinke oer it wetter Galmjend op spoekêftige toan It earste teken, út ‘e fierte Kening en soan komme der oan Koppen yn ’e mist! It bloed begjint te jeien, de azem stekt my yn ‘e kiel By de mêst riist in skym op, kromstjûnige skippen komme op ús ta Foarst fan de Friezen, bloed fan ús bloed Strider der striders bring ús dyn soan, bring him ús hjoed Har spearen djip yn de ierde Fredich fûstkjend mei de wapenhân Gjin slachark sil hjoed deaden rispje Fryske krigers stjitte de hoarn Koppen yn’e mist!
Submitted by Finntroll — Apr 26, 2025
In jonkje wurdt in strider, Rêdbâd’s tiid brekt oan De learling ferslacht syn master hy fjochtet mei ferstân In strider is der wurden, syn swurd slacht nea mear mis Hy sil syn folk goed liede, as er letter kening is Hûnen en wriggerts stoarmje de seal rûch yn Itensreau en banken saaie oer de flier It bloed befriest en stjurret my yn de ieren Dreamen oer de wolvetiid wurde wier RÊDBÂD! Keningssoan yn ‘e wolvetiid Gjin bern mear mar klear om te fjochtsjen Dit is foar ús eare, en ús heitelân Myn swurd is myn maat, de striid is myn paad Refrein Ferbjustere rin ik op ‘e beammen ta De woestelingen ride foarop Ûnder de tsjoen fan Wêda binne hja Mei in tichte sek oer myn kop Wolvetiid! Liken yn ‘e beam Wolvetiid! Wurklikheid as dream Wolvetiid! Hast klear foar de troan Wolvetiid! Foar de keningssoan Rinne mei de wolven, jeie troch bosk en fjild Fjochtsje mei de swinen, sline fan it wyld Krêftich as in wolvesoan yn ‘e wolvetiid Fjochtsje wy as wolvebruorren ús eigen wolvestriid RÊDBÂD! Refrein Wolvetiid! Strûpe om ‘e strôt Wolvetiid!Hingjend yn it wâld Wolvetiid! Folger komt foar my Wolvetiid! Ieneach makket frij
Submitted by NecroLord — Apr 26, 2025
In Goadefrou sil ik ha, in dochter fan Nertha Sy laket my ta, dy dochter fan Nertha In goadefrou glimkjend fan fjoer Moaier as ’t ljocht, as de natuer Sa’t wêze moat sil barre tsjin ‘e stream yn farre Wy sil farre Folgjend de Noardstjer fan ‘e leafde De tsjustere nacht yn Refrein De boarne fan ús striid leit yn ‘e wolvetiid Doe woedest do my ha Faam fan Nertha It swiet fan ‘e leafde preaun Mei bloed yn myn siel skreaun Dêr ûnder de Ostremaan Lietst do my alles dwaan Ik longerje nei dyn liif en meitsje fan dy myn wiif Ik sil dy wis wer ha Faam fan Nertha Dyn eagen stoarje kjel Myn fingers yn dyn fel Ik betwing dy mei ien hân En taast dy gleon en dwyl oan
Submitted by Corpse Defiler — Apr 26, 2025
Werom komt út it Denelân, Rêdbâd kening In sterke bân smeiend tusken twa grutte folken Friezen en Denen hân yn hân Hadagrim en Rêdbâd!Yn ‘e Meahal De harpe waard poend, de skald song dy jûn Fier droech it lûd fan it gloarjeryk oer it wetter Lûd waard der praat, ferhalen oer Rêdbâd En Hadagrim, syn stalke, droegen fier oer it wetter Sterk en machtich is it Denefolk De sibbe fan Snoade Henrik wol ús leare te fjochtsjen as wylde swinen en poddestuollen foar de striid te slinen Hadagrim en Rêdbâd Yn ‘e Meahal De harpe waard poend, de skald song dy jûn Fier droech it lûd fan it gloarjeryk oer it wetter Lûd waard der praat, ferhalen oer Rêdbâd En Hadagrim, syn stalke, droegen fier oer it wetter Bloed spat yn it rûn It streamt oer de grûn Foarop yn ‘e striid Har dieden binne swiid Mei’t swurd yn ‘e hân Foar Fryslân Ik spjalt har de kop wylst ik rop: foar Fryslân Bors de reus is geef en grut en fjochtet mei in untsachlik swurd Mar sûnder eangst rint Rêdbâd op him ta en ferslacht de reus, foar Wêda! Hadagrim en Rêdbâd Yn ‘e Meahal!
Submitted by Iron_Wraith — Apr 26, 2025
De skimer ferrint yn tsjuster Sille giet de stins al yn mei it bier It momint is dêr, yn it tsjuster sil er slûpe Hadagrim syn taak is swier Fryslân hat ferlet fan in nije kening Aldgillis, dyn tiid hat west Gean it libben út, âlde strampel Do bist ús no ta lêst In skym yn it tsjuster Mei it knyft en de krûden yn syn hannen Komt er by de kanne en flústert ‘tsjoch’ Dwyl, yn ‘t swit mar grutsk op syn die Want Aldgillis komt de nacht net troch Drink Aldgillis Dyn lêste slok, dyn lêste kear Dyn lêste azem en dan bist net mear De Walkearigen nimme dy mei En yn it Walhalla dêr bisto frij Yn de dea bisto mei ús besibbe Dyn bruorren, dyn susters, dyn folk! In skym yn it tsjuster
Submitted by MetalElf — Apr 26, 2025
It is hjerstwaar yn ‘e wrâld en de dagen wurde skier Mar minsken jong en âld komme nei de beam fan fier Asega is it tingtiid? De tiid is kaam om te kiezen Sa is it! Fryslân’s soannen it ting sil jim in kening jaan Rûn tûzen fjurren wurdt sprutsen oer moarn, Oer de nije kening Aldgillissoan Wêda’s segen sil der ha, oan him sil ik in offer bringe Mei it knyft djip yn myn fleis dript it bloed my oer de fingers Kervjend yn myn eigen boarst sil ik help oan ieneach freegje Om te bringen op it skyld de man dy’t eare en rykdom takomt Oanfurdigje myn offer! Stean ús by! Oanfurdigje myn offer! Stean ús by! Mei goadefroulju praat er en mei Nertha op syn hân Sil oer de lannen hearskje, Aldgillissoan Dan wurdt it stil Oant de Asega ropt: Folk fan Fryslân, soannen fan Inguz, Harkje nei wat ik sis Op it skyld sil heven wurde De man dy’t troch ús útkard is
Submitted by NecroGod — Apr 26, 2025
Glânzjend stiel, smeid yn ‘e twiljocht fan ‘e tiid In swurd mei namme, wiid en swiid ferneamd Asbrân Frankenkleauwer, toarstich nei de striid In reade glâns, it gânse fjild is mei Frankenbloed oerstreamd Ik swar jim, mei dit stiel behâld ik Fryske grûn Ty en Thuner! Myn swurd stel ik yn tsjinst fan ‘e Goaden, Ty en Thuner! Fryslân easket syn rjocht op mei slachark yn ‘e hân De ferdigener fan it Fryske folk en ús âldfaars lân, Rint foarop, is sûnder eangst, de lieder fan it kloft Ravens bin rûnom him en folgje yn ‘e loft It blêd skynt read yn it ljocht fan ‘e ûndergeande sinne It heft is waarm en berûn mei de fijans triennen Asbrân machtich wapen, tsjinstfeint fan ‘e Goaden Ty en Thuner, Nertha en Wêda, jim bin ús ta geunst Rint foarop, is sûnder eangst, de lieder fan it kloft Ty en Thuner Ravens bin rûnom him en folgje yn ‘e loft Ty en Thuner Asbrân toarstich nei de striid Ty en Thuner
Submitted by Iron_Wraith — Apr 26, 2025
This track is instrumental.
De Franken kinne ús net keare Oer de Flymar komme wy Farrend oer it wylde wetter Bringe wy stoarm oer de streamen Stoarm oer de streamen Tongerslach by heldere loft In kriger fjochstjend foar âldfaars eare Moardzjend foar frije fryske grûn Wêda sjocht grutsk ta út syn hallen Dêr’t Friezen moetsje nei de dea Stoarm oer de streamen Tongerslach by heldere loft Franken stjerrend op ‘e fjilden Walkerige foar ús lêste tocht Want eltsenien sil stjerre dy’t ‘e Fries wjerhâlde sil Wy binne leaver dea as slaef, net ien krijt ús folk stil Foet foar foet nei foarren ‘t skyld fêst yn ‘e hân en it swurd heech foar ús lân Slach foar slach nei foarren Stekkend yn it rûn Franken razend op ‘e grûn Each yn each stean mei de fijân Sjen yn’t antlit fan de dea Hjitte azem yn ‘e nekke De tafels fan Asgaard steane klear
Submitted by The Void — Apr 26, 2025
Hy wie de kening fan it moaiste lân fan de ierde Syn namme waard bejúbele fier yn it rûn Skalden sille sjonge oer syn grutte dieden En fertelle oan it neiteam fan dat sterk ferbûn Tusken goaden en kening, heiten en soannen Eltsenien dy’t grutsk is en Fries yn it hert Seeën en greiden, bosken en strannen Op ús Fryske boaiem bin wy yn ús ferset Koppen hat er tegrúze Folken hat er op ‘e knibbels twongen Frjemdfolk wist er te kearen Syn namme is ferneamd en syn dieden besongen Syn fjoer baant yn ús hert En yn jim allen lang om let Syn krêft yn’t libben en de dea Ferlit ús tinzen nimmer mear Rêdbâd Aldgillissoan Leit no bedobbe en ûnder ’t skyld Rêdbâd Aldgillissoan Yn ús hert en yn ús siel Do libbest, do libbest, yn ús en yn ús bêrn It libbet, dyn erfskip, it giet nea ferlern Ik sis Rêdbâd mei hân op myn hert Rêdbâd, myn kening, oant ‘e dei dat ik stjer
Submitted by Nargaroth — Apr 26, 2025
Ik bin Hadagrim, soan fan Egisgar Do bist Rêdbâd, soan fan Aldgillis kening Do, bist myn stalke In lang libben, it is my jûn Mar it lêste skoft bin ik oan fertriet ferbûn In soad ferlern, myn freon en wiif En stadichoan nim ik ôfskie fan myn liif En by jûntiid sjoch ik him al stean Ik fiel syn hân op myn skouder, kin him ferstean Hy komt my heljen, mar noch ien ding moat ik dwan It ferhaal fan kening Rêdbâd oan eltsenien trochjaan Besit stjert en sibben stjerre Dosels stjerst as harren Mar ien ding wit ik, dat ivich libbet De helderom fan ‘e deade Hy hie de wiisheid, hy hie it ferstân En wie de kening fan ús moaie Fryske lân Soan fan Aldgillis, no ûnder ‘t skyld Wie wiis as kening, en yn de striid sa wyld En dy namme sil nea fergean Want yn eltse Fries, sil in stik fan dy bestean En tûzen jier letter, sille se noch roppe Heil oan kening Rêdbâd, Fryslân boppe! Refrein Dit wie it ferhaal fan de kening, ik ha it skreaun Myn namme is Raven, my jûn troch myn bloedfreon En no’t ik dit folbrocht ha, Wêda nim my mei Bring my gau nei myn freonen, want dan pas bin ik frij
Submitted by Lake of Tears — Apr 26, 2025